Aurora bossa nova - Arjan Hut

KORTE INHOUD

Abdelkader Benali spriek yn de Martinitsjerke oer de poezy fan Brodsky en fan Tsjêbbe Hettinga en hy kaam ta de folgjende konklúzje: "Gedichten brengen een beetje licht. Meer hoeft poezie niet te doen."

Yn de gedichten yn Aurora Bossa Nova wurdt net sasear socht om it ljocht, mar dochs wurdt it hjir en dêr fûn. Mar is it ljocht of is it skyn?

De lêzer wurdt in weach dy't yn tûzen drippen te lider spat en in voyeur dy't in widdo en har hûn besjocht fan achter in gerdyn of in bern dat wachtet op in simmer dy't yn hotpants oer it trotwaar dûnset. En krekt as alles klear liket om te bliuwen sa't it is, falt alles wer útelkoar. In soartemint fan titelgedicht is Aurora, oer twa minsken dy't inoar fine op in bankje oan in kanaal. In lyts fers, mar dochs past it hiele universum der yn.

Yn de fjirde bondel fan Arjan Hut binne de gedichten noch altyd dreamerich, is de taal boartlik, en wurde ideeën útwurke yn in ferskaat oan foarmen. De fersen binne binne tagonkliker as earder, mar net minder poetysk.

In lêzer beskreau i...
2016Taal: Westerlauwers Frieszie alle details...

Categorie

Details

2016Uitgever: Stichting Algemiene Fryske Underrjocht Kommisje Afûk72 paginasTaal: Westerlauwers FriesGrootte:  212x147x9ISBN-10: 9492176440ISBN-13: 9789492176448

REVIEWS VAN DIT BOEK