Ntrije55 - Elske Kampen

KORTE INHOUD

Simmer 2017 rûn ik tal fan kearen oan ‘e westkant fan Hurdegaryp by de N355 del. Ik socht dêr om lyts yndustrieel ôffal, lykas bygelyks eintsjes tou, stikjes metaal, glês en keunststof. Dy fynsten, losrekke fan in eardere funksje yn in grutter gehiel, wiene ferwurden ta tafallige foarmen en dêrmei beskikber foar my om in nije betsjutting oan te jaan.’

De gedichten yn dizze bondel Ntrije55 hat Elske Kampen skreaun nei oanlieding fan dit materiaal. Dêrmei set se in folgjende stap op har paad om poëzy te skriuwen op grûn fan hieltyd abstrakter byld. De bylden yn de bondel binne fan deade matearje, mar roppe poëzy op dy’t oer it libben giet.

Trochgong

Ik fyn in letterteken yn ‘e berm. Krij it op

en nim it mei. It foel ien ta de mûle út dy’t

skrok of dy’t begrutsjen hie. Bewûndere of

eangstich wie. No stjoert it teken my.
2020Taal: Westerlauwers Frieszie alle details...

Categorie

Details

2020Uitgever: Afuk, StichtingIllustrator: Linus Harms80 paginasTaal: Westerlauwers FriesGrootte:  210x148x10ISBN-10: 9493159221ISBN-13: 9789493159228

REVIEWS VAN DIT BOEK